 |
| |
 |
Freed 27 augustus 2010
Byienkomst Gemeenten en Frysk foar riedsleden
Lykas de measten űnderwilens witte, binne der op 15 septimber twa nijsgjirrige byienkomsten yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert.
Om 16.45 oere binne jo fan herte wolkom om yn de kunde te kommen mei deputearre steaten en om 19.30 oere is de byienkomst Gemeenten en Frysk. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Woansdei 18 augustus 2010
Fjouwertalige lesbrief foar basisskoallen
Krekt lykas ôfrűne jierren hat de gemeente ek dit jier wer in eigen lesbrief. Yn fjouwer talen wurdt ferteld oer it saneamde Jabikspâd dy't as einbestimming Santiago de Compostella hat. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Moandei 16 augustus 2010
Dűbeltalige úttreksels GBA
Mei yngong fan 1 augustus 2010 is it mooglik om op fersyk in dűbeltalich úttreksel, Nederlânsk en Frysk, út de saneamde Gemeentlike Basisadministraasje (GBA) te krijen. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Snein 15 augustus 2010
Histoarysk Festival Súdwest
Sa'n fjirtich histoaryske ferienings, ynstellings, sneupers, űndersikers, bedriuwen en űndernimmers litte sjen hoe't hja har dwaande hâlde mei de skiednis Fryslân en fan de Súdwesthoeke. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Moandei 28 juny 2010
Aukje Jansma winner fan Frysk diktee Achtkarspelen
Aukje Jansma út groep 8 fan de iepenbiere basisskoalle ’t Holdersnęst út De Harkema is de winner fan it Taalspultsje Achtkarspelen. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tiisdei 15 juny 2010
Frysktalige pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen kinne troch!
Nei in tal mienskiplike aksjes is berikt dat it Frysk yn Fryslân lykweardich as it Nederlânsk brűkt wurde kin by pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Woansdei 02 juny 2010
Maak nu kans op € 2.500,-
In deze financieel gezien moeilijke tijd, kan uw gemeente zomaar € 2.500,- verdienen om zo uitvoering te geven aan een plan uit de Taalnota dat u heel graag zou willen uitvoeren maar waar tot op heden niets van terecht is gekomen. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Woansdei 02 juny 2010
Meitsje no kâns op € 2.500,-
Yn dizze finansjeel sjoen drege tiid kin jo gemeente sa mar € 2.500,- fertsjinje om sa útfiering te jaan oan in plan út de taalbeliedsnota, dat jo hiel graach útfiere wolle mar dęr’t oant no ta, neat fan op ’e hispel kaam is? lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tongersdei 15 april 2010
Op nei in nije nota Bildts/Frysk
De koalysjepartijen yn it Bildt hawwe in akkoard berikt. It CDA en de wurkgroep het Bildt binne it iens oer de regearperioade 2010-2014. Yn it koalysje-akkoard wurdt de koers oanjűn dy’t de koalysje de kommende jierren fiere wol en wat taalbelied oangiet binne sy dúdlik. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tiisdei 09 maart 2010
Gebrűk Frysk Súdwesthoeke ôfstimt
De fiif gemeenten dy’t fusearje wolle ta de gemeente Súdwesthoeke sille harren Fryske taalbelied op elkoar ôfstimme. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tongersdei 25 febrewaris 2010
Frysk boekenpakket foar skoallen!
Om de Fryske taal te stimulearjen jout de gemeente Dongeradeel tegearre mei de Afűk oan alle skoallen yn Dongeradeel ‘Fryske boeken’. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Woansdei 24 febrewaris 2010
'Troch mei talen' nijsgjirrich foar Kazakhstaanske delegaasje
Moandei wie in delegaasje út Kazakhstan, tegearre mei leden it buro fan de Hege Kommisaris foar nasjonale minderheden fan it Buro fan de OSCE op besite yn Fryslân. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Freed 19 febrewaris 2010
Wethâlders űntbleatsje Fryske nammebuorden
Sűnt 1 jannewaris 2009 hat de gemeente Dantumadiel in Fryske gemeentenamme en binne de nammen fan de doarpen, strjitten en wegens allegear Frysk. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Woansdei 17 febrewaris 2010
De Nederlânske taal wurdt ferankere yn de grűnwet
De Nederlânske taal wurdt opnommen yn de grűnwet. Dat hat de ministerrie besletten nei in útstel fan minister Ter Horst, mei út namme fan minister-president Balkenende, minister Hirsch Ballin fan Justysje en minister Plasterk van Underwiis, Kultuer en Wittenskip. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Woansdei 17 febrewaris 2010
'Frysk moat selde status ha'
De Fryske taal moat op pjutteboartersplakken deselde status krije as de Nederlânske taal. Dat bepleitet Tytsjerksteradiel by de Feriening fan Fryske Gemeenten. Dy soe it by de Feriening foar Nederlânske gemeenten oankaarte moatte. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tongersdei 11 febrewaris 2010
Menameradiel hat in nije taalnota
Op fersyk fan de rie fan Menameradiel is taalbelieds- en wurkplan út 1986 opnij besjoen en oanpast nei de hjoeddeiske sitewaasje fan de gemeente. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
.jpg) |
Woansdei 25 novimber 2009
Erfguod fan juster foar hjoed
Op 25 novimber 2009 is de cd ‘Erfguod fan juster foar hjoed - Folksferhalen út Achtkarspelen’ presintearre yn de botanyske tún ‘De Kruidhof’ yn Bűtenpost. Boargemaster Tjeerd van der Zwan hat it earste eksimplaar fan de cd oerlange oan Sytske van Assen, dosint Frysk fan it Lauwers College yn Bűtenpost. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Woansdei 25 novimber 2009
Lear it by de Afűk
Wa’t belangstelling hat foar in kursus Frysk kin fan woansdei 20 jannewaris ôf yn Ljouwert noch begjinne. Foar net-Frysktaligen set in basiscursus Fries verstaan en lezen en in Intensieve cursus Fries verstaan, lezen en spreken út ein en foar Frysktaligen in Koarte kursus Frysk skriuwen. Wa’t it Frysk praten al ridlik behearsket mar it noch better leare wol is de Koarte Konversaasjekursus geskikt. De kursussen wurde jűns holden, fan 19.30 – 21.30 oere. Mear ynformaasje is te finen op www.afuk.nl lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Woansdei 04 novimber 2009
Trijetalich moarnsbrochje yn Bűtenpost
Woansdei 4 novimber wie ’t wer tiid foar Het Nationaal Schoolontbijt. It doel dęrfan is om de wille en it belang fan in goed moarnsiten űnder de oandacht te bringen fan skoalbern, âlders en learkręften. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Moandei 26 oktober 2009
Kin it foech oangeande it Frysk desintralisearre wurde?
Yn 2008 hat in kommisje űnder lieding fan mefrou Lodders oan it wurk west mei in rapport oangeande útstellen foar desintralisaasje fan rykstaken. Ien fan de konkrete űnderwerpen dy’t yn dit rapport nei foaren kaam wie de Fryske Taal. Dęrom is der in nije kommisje űnder lieding fan mr. R.J. Hoekstra ta stân kommen om te sjen wat de mooglikheden binne om it foech foar it Frysk oer te heveljen fan it ryk nei de provinsje. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Moandei 26 oktober 2009
Noflik fan beleid nei praktyk?
De rekkenkeamerkommisje Tytsjerksteradiel hat űndersyk dien nei de tapassing fan it taalbelied Frysk fan de gemeente yn ‘e gemeentlike organisaasje, it űnderwiis, de berne-opfang en de pjutteboartersplakken. It rapport dat nei oanlieding dęrfan ferskynt is, hat as titel ‘Noflik fan belied nei pratyk?’ meikrigen. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tiisdei 13 oktober 2009
Dantumadiel is de meast ynnovative lytse gemeente fan Nederlân!
De Gemeente Dantumadiel hat de ‘Bestuursacademie Nederland Innovatie Award’ wűn foar de meast ynnovative lytse gemeente fan Nederlân. Dantumadiel krige de award foar it projekt ‘Meertalig Feanwâlden’. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Moandei 12 oktober 2009
Meartalich grutbringen, hoe dochst dat?
Om’t der noch hieltyd in soad űndúdlikheid bestiet oer meartalich grutbringen, is der by de Afűk in dvd oer dat űnderwerp ferskynd. De foarljochtingsdvd is makke fanút it eachpunt fan âlders. Alders fan jonge bern (0 o/m 5 jier) fertelle oer hoe’t sy thús mei talen omgeane. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tongersdei 08 oktober 2009
Bedriuwen Dongeradiel dogge mei oan de PmF-kampanje!
Op moandei 5 oktober hat direkteur Gosse Wijnsma fan Gosse Wijnsma Kunststofkozijnen Dokkum de talestikker foar bedriuwen oanbean oan boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel. De oanbieding hat plakfűn tidens de byienkomst Handel & Industrie Dongeradiel. De talestikker is űnderdiel fan de Praat mar Frysk-kampanje fan de Afűk. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tongersdei 08 oktober 2009
It Berie freget omtinken foar de Fryske taal en kultuer
Yn ferbân mei de riedsferkiezings fan maart 2010 freget it Berie foar it Frysk omtinken foar de Fryske taal en kultuer yn de ferkiezingsprogramma’s. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Moandei 28 septimber 2009
18 novimber yn Ljouwert en jo kinne jo noch opjaan!
Eltse twa jier organisearret Rotary Nijehove Leeuwarden in diktee. Dizze kear sil it net in diktee lykas oars węze, mar … in Dik2. It earste Twatalige Diktee: simultaan, yn it Frysk én it Nederlânsk, foar dielnimmers dy’t in kar meitsje foar ien fan dy twa talen. Dit jier wurdt it diktee hâlden op 18 novimber by Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Moandei 21 septimber 2009
PMF fan start yn Skarsterlân
Fan Sint Nyk oant Teroele en fan De Jouwer oant Jiskenhuzen. Oeral binne aanst de opblaaslippen en stikkers fan Praat mar Frysk te sjen. Hiel Skarsterlân kleuret der read fan. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Snein 20 septimber 2009
Iepen dei stędhűs Ljouwert
Op zaterdag 26 september 2009 organiseert de gemeente Leeuwarden een open dag van het Stadhuis aan het Hofplein. Vanaf 10.00 tot 15.30 uur kunt u het in 2004 geheel vernieuwde Stadhuis bezoeken. Tijdens het open huis vinden in het Stadhuis allerlei activiteiten plaats in het kader van het thema ‘Europese Dag van de Talen’. De Europese Dag van de Talen is een initiatief van de Raad van Europa en wordt sinds 2001 elk jaar gehouden. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tongersdei 17 septimber 2009
Twa entűsjaste wethâlders op eduFrysk
Op woansdei 16 septimber hawwe de wethâlders Isabelle Diks fan Ljouwert en Houkje Rijpstra fan Tytsjerksteradiel elkoar yn 'e trein nei Hurdagaryp firtueel moete op de fernijde eduFrysk-website. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Sneon 05 septimber 2009
Menameradiel winner Webstekaward!
Direkteur Koen Eekma fan de Afűk hat fan ‘e middei op de konferinsje ‘Gemeenten en Frysk’ yn de Broeretsjerke (Boalsert) de priis foar de bęste Fryske webside útrikt oan wethâlder Anna Martha Van der Mei fan de gemeente Menameradiel. Dy gemeente hat op in fjouwertal aspekten de heechste einskoare en is dęrmei troch in saakkundige sjuery as bęste beoardield. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Sneon 05 septimber 2009
Stúdzjedei Frysk & Gemeenten 2009
Op freed 4 septimber is de jierlikse konferinsje Gemeenten & Frysk west yn Boalsert. Op dy middei stie klantfreonlikens sintraal. Yn it programma kaam dat werom by de stands fan Q-go, Gridline, NHL, Friese Poort, Afűk en de provinsje. Mar fansels wienen ek de presintaasjes de muoite wurdich. Sa liet Gridline de mooglikheden sjen fan harren programma 'Klinkende Taal', presintearre de NHL it projekt 'Burger' en kaam Q-go mei in fernijde wize fan sykjen op websites. Dęrneist wie der ek oandacht foar Fryslân as kulturele haadstęd en de Klyster mei harren taalprojekt węr't Dantumadiel ferline jier € 5.000,- mei wűn hie. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Moandei 31 augustus 2009
Oanbod 'De Klyster' ferfryske!
Wethâlder Siepie Hylkema fan de gemeente Dantumadiel hat yn novimber 2008 de taalbeliedspriis yn űntfangst nommen. De priis mei in wearde fan € 5.000,- wie ornearre foar NME-sintrum De Klyster. Sy wienen fan doel om harren oanbod te ferfryskjen. fuort nei űntfangst fan de priis binne Marjolein Staal en Pyke Kroes fan De Klyster hurd oan it wurk gongen. En it resultaat mei der węze! lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tiisdei 25 augustus 2009
Gean nei de Afűk!
By de Afűk kinne jo op ferskillende manieren Frysk leare. Earst is dęr de 'tradisjonele műnlinge kursus Frysk'. Dęrby folgje jo de lessen yn groepsferbân mei in learaar. Twads kinne de measte kursussen skriftlik folge wurde. Jo krije it lesmateriaal tastjoerd, meitsje thús de lessen en stjoere jo wurk op nei de begelieder. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Moandei 27 july 2009
jierlikse stúdzjedei Gemeenten & Frysk op freed 4 septimber o.s.
Op de stúdzemiddei stiet klantfreonlikens sintraal. Dęrby kinne jo tinke oan de tradisjonele wize fan klantfreonlikens, mar de digitale foarm komt ek oan bar. Sa sil Q-go sjen litte hoe’t jo de mooglikheden fan it sykjen op it gemeentlike webstek útwreidzje kinne. Gridline lit sjen op hokker wize oft it programma Klinkende Taal amtlike tekst redigearje kin. En sawol de NHL as de Friese Poort presintearje harren kursusoanbod rjochte op gemeenten. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Woansdei 01 july 2009
Eineksamenkandidaten Frysk yn ’t sintsje
Tolve havo- en vwo-learlingen fan it Bogerman Kolleezje mei Frysk yn harren eineksamenpakket binne op 30 juny troch boargemaster Brok yn it sintsje set. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Freed 19 juny 2009
Wint jo gemeente de webstekaward 2009?
Op de stúdzjedei gemeentenenfrysk op 4 septimber 2009 sil op ’en nij de webstekaward útrikt wurde oan de klantfreonlikste gemeente yn digitaal Fryslân. Dy priis wurdt útrikt troch de provinsje, it Berie foar it Frysk en de Afűk yn de mande mei Overheid heeft Antwoord©. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Freed 19 juny 2009
Bliuwt it Franeker of wurdt it Frjentsjer?
Al oardel jier rint yn Frjentsjerteradiel in diskusje oer de plaknammen yn de gemeente. Ofrűne tongersdei is foarearst it lęste beslút naam, want it liket derop dat der in referendum komt. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tongersdei 11 juny 2009
It Hearrenfean stelt oardening Frysk fęst.
Op 8 juny 2009 hat de gemeenterie fan It Hearrenfean it beslút naam om de oardening Frysk yn it skriftlike ferkear fęst te lizzen. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tongersdei 11 juny 2009
Van Heemstraskoalle praat ek Frysk!
Woansdei krige de IBS Van Heemstra yn Aldwâld besite fan Aren Vroegindeweij. Hear Vroegindeweij is âldbestjoerder en –âlder fan de skoalle en hat mei de bern út de boppebou diskusearre oer meartaligens. Dęrneist yntrodusearre hy de boeken dy’t troch de gemeente oanbean waarden oan alle skoallen yn Kollumerlân. Fansels waard dęr ek noch drok foarlęzen… lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Moandei 08 juny 2009
4 septimber: stúdzjedei 'Gemeenten en Frysk'
Yn septimber is it wer safier: in nije edysje fan de stúdzjedei ‘Gemeenten en Frysk’. Op dit stuit binne wy noch drok dwaande mei it programma, mar al wol wis is it űnderwerp fan de dei: klantfreonlikens. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tiisdei 02 juny 2009
Kollumerlân nijste Praat mar Frysk- gemeente
Om oan de ynwenners en besikers fan de gemeente dúdlik te meitsjen dat der yn de
gemeente Frysk of Kollumerlâns praten wurde kin, is de gemeente op 28 maaie 2009 út
ein set mei de kampanje “Praat mar Frysk”. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Freed 17 april 2009
Fryske skriuwwize Boalsert as earbetoan
De gemeente Boalsert hat beslúten om de Fryske skriuwwize fan de stęd oan te hâlden. Dit nei oanlieding fan in űndersyk om fragen oer de offisjele Fryske namme te beänderjen. Om dúdlikheid te krijen hie it Kolleezje de Fryske Akademy rieplachte oer de Fryske stavering fan de namme Bolsward. Ut ferskate dokuminten die bliken dat de al hantearre skriuwwize Boalsert in earbetoan is oan Dr. Joost Halbertsma en Gysbert Japiks. It Kolleezje hat dęrom besletten de Fryske stavering oan te hâlden. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tongersdei 16 april 2009
Stellingwerfer beslút mei net yn de Steaten
It amendemint dat ynbrocht waard troch Pieter Jonker wie opstelt yn it Stellingwerfsk. Nei de beoardieling troch de foarsitter is konklúzje dat it wol űnderdiel wie fan de rieplachting mar net foldie oan de wetlike easken. It moast oersetten wurden yn it Frysk of Hollânsk. Pieter Jonker hat it doe mar gau yn it Frysk oersetten. Mar wy wolle jimme de Stellingwerfer tekst net űnthâlde. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Moandei 06 april 2009
Fryske plaknammen yn Menameradiel
Nei Boarnsterhim, Dantumadiel, Ferwerderadiel, Littenseradiel, Ljouwerteradiel, Tytsjerksteradiel en Wymbritseradiel hat no ek Menameradiel besletten om alles doarpen en buorskippen offisjele Fryske plaknammen te jaan. Dat is hat in romme mearderheid yn de gemeenterie 2 april ’09 besletten. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Moandei 23 maart 2009
Sytse van der Werf earste doarpsdichter fan Achtkarspelen
Sytse van der Werf, âld-ynwenner fan Achtkarspelen, is op 20 maart keazen as earste doarpsdichter fan Achtkarspelen. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Freed 13 maart 2009
Undersyk yn opdracht fan UNESCO:
It Frysk hat lykas it Welsk en it Baskysk it etiket fan 'űnfeilige taal' tawiisd krigen. Dit docht bliken út de UNESCO-Atlas fan bedrige talen. In groep ynternasjonale űndersikers hat yn opdracht fan UNESCO 2.500 űnderskate talen űndersocht en de taalfitaliteit beoardiele neffens njoggen faktoaren. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tongersdei 05 maart 2009
Boartsje mei taal: ynformaasjejűnen oer meartaligens
Mar hoe doch ik dat dan, myn bern grutbringe yn mear talen? Kin myn bern dat wol oan? Leare se de talen dan net heal? Us bern brűkt twa talen trochinoar, en no? Dy en oare fragen komme oan ’e oarder op de ynformaasjejűn oer meartaligens, ‘Boartsje mei taal’.Misferstannen en foaroardielen binne der noch altyd op it męd fan meartaligens. Foar de Afűk reden om njonken de ynformaasje dy’t der op papier en ynternet al is, ek in tal ynformaasjejűnen yn űnderskate gemeenten yn Fryslân te hâlden. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tongersdei 26 febrewaris 2009
Wâlddichter of Wâldsjonger?
Om it kulturele en literęre libben yn ús gemeente te stimulearjen hat de gemeente Achtkarspelen in ferkiezing útskreaun foar in doarpsdichter. Sân kandidaten dogge mei oan dizze ferkiezing dy’t op freed 20 maart 2009 plakfine sil. Fiif kandidaten lęze harren gedicht foar en twa kandidaten sjonge harren gedicht. In gedicht oer it doarp en in gedicht oer de aktualiteit yn ús gemeente. It wurdt spannend: kriget Achtkarspelen in Wâlddichter of in Wâldsjonger? lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tongersdei 26 febrewaris 2009
Kursus foar redaksjes yn Achtkarspelen grut sukses!
Begjin novimber 2008 is de kursus ‘Fryske stavering-plus’ fan de Afűk út ein set. De gemeente Achtkarspelen hat dizze kursus Frysk fergees oanbean oan redaksjes fan doarpskrantsje en doarpssites, en skriuwers fan ferienings pleatslik belang. De kursus is yn tusken ôfrűn en de trettjin kursisten hawwe op 24 febrewaris in sertifikaat útrikt krigen troch boargemaster Tjeerd van der Zwan. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Moandei 23 febrewaris 2009
Fryske kultuer yn de bibleteek!
Fan 21 febrewaris oant en mei 8 maart 2009 binne de Fryske Boekewiken d'r wer. De Stichting It Fryske Boek hat yn gearwurking mei Bibleteken Noardeast Fryslân literęre programs organisearre dęr't skriuwers en muzikanten optrede. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Moandei 09 febrewaris 2009
Learplichtamtners kinne de Fryske eed of belofte ôflizze
Op 27 novimber ferline jier is de tekst yn de learplichtwet oanpast. Der is nammentlik in mooglikheid kreëarre foar learplichtamtners om in Fryske eed of belofte ôf te lizzen. Earder wie dit al regele yn de Provinsjewet, de Gemeentewet en de Wetterskipswet. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tiisdei 20 jannewaris 2009
Ferfanging kombuorden yn ferbân mei Frysktalige plaknammen
Ferline jier is troch de gemeente besletten om Oude Leije, Finkum en Cornjum offisjele Frysktalige plaknammen te jaan. Respektivelik: Alde Leie, Feinsum en Koarnjum.
De yngongsdatum wie 1 jannewaris 2009, it momint fan ynfiering fan de nije nammen yn de Gemeentlike Basisadministraasje. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tongersdei 15 jannewaris 2009
Kollumerlân hat oardening Frysk yn it skriflik ferkear fęststeld
Op 11 desimber 2008 hat de gemeenterie fan Kollumerlân de oardening Frysk yn it skriflik ferkear fęststeld. Dit hâldt yn dat de mooglikheid foar it brűken fan it Frysk yn it skriflik by de gemeente fęstlein is. De oardening is mei yngong fan 1 jannewaris 2009 yn wurking. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tongersdei 20 novimber 2008
Stúdzjedei Gemeenten en Frysk 2008
Op freed 14 novimber 2008 waard de stúdzjedei Gemeenten en Frysk wer hâlden. Diskear yn Hotel/ Restaurant Princenhof yn Earnewâld. It wie in drokbesochte middei mei sa’n sechtich oanwęzigen fan 15 ferskillende gemeenten, de provinsje Fryslân, it Berie foar it Frysk en de Afűk.
lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tongersdei 20 novimber 2008
Digitale menukaart
It idee om it taalbelied fan de gemeenten yn Fryslân tenei wat mear te plennen en te hifkjen mei help fan in menusysteem is űntliend oan it Hânfest foar Regionale- of Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Sneon 15 novimber 2008
Gemeente Dantumadiel wint € 5000 mei bęste taalprojekt
Siem Akkerman, haad ôfdieling Kultuer, Taal en Underwiis fan de provinsje Fryslân, hat fan ‘e middei op de konferinsje ‘Gemeenten en Frysk’ yn hotel-restaurant Princenhof (Earnewâld) de priis foar it bęste taalprojekt útrikt oan wethâlder Hylkema fan de gemeente Dantumadiel. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Sneon 15 novimber 2008
Onderzoeksrapport Gemeenten en Frysk
Der is in grut ferskaat oan taalbeliedstikken en -plannen by de Fryske gemeenten. Om gemeenten temjitte te kommen by it opstellen fan in taalbelied is der in pear jier werom in helpmiddel űntwikkele: it menusysteem.
Oan de hân fan dit menusysteem hat der yn 2008 in űndersyk plakfűn, de resultaten fan dit űndersyk binne ôfrűne freed presintearre troch Klaas Krol. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Woansdei 17 septimber 2008
Praat Mar Frysk yn jo Gemeente
Mear as de helte fan de Friezen praat fan hűs út Frysk. Yn 'e plattelânsgemeenten leit dat persintaazje sels noch in stik heger: sa'n 70%. En sawat eltsenien ferstiet it. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Freed 05 septimber 2008
Win € 5000,- mei it bęste taalidee!
Hat jo gemeenten plannen foar it Frysk yn de mienskip, dy't jo hiel graach útfiere wolle, mar dęr't oant no ta, om hokker reden ek, neat fan op 'e hispel kaam is? Stjoer it plan yn mei in motivearring. lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |
 |
Tiisdei 15 july 2008
Evaluaasjerapport oangeande it Hânfęst foar minderheidstalen
In tredde evaluaasje fan deskundigen oangeande it Hânfęst foar minderheidstalen soarge foar in soad reaksje rűnom yn Nederlân. It rapport skriuwt eins dat der in soad feroare wurde moat yn Nederlân. Fjouwer konkrete punten dy't naam wurde yn de list fan oanbefellings binne: lęs fierder >
|
|
| |
 |
| |