Fúzjegemeenten Súdwesthoeke sette ambisjeus útein: Gebrûk Frysk Súdwesthoeke ôfstimt
De fiif gemeenten dy’t fusearje wolle ta de gemeente Súdwesthoeke sille harren Fryske taalbelied op elkoar ôfstimme. Dat is ôfpraat mei steatssekretaris Ank Bijleveld fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en mei de provinsje Fryslân. De fiif gemeenten wolle in foarbyld wêze foar in ambisjeus gebrûk fan de Fryske taal.
De ôfstimming is in gefolch fan it fúzjeproses. It Europeesk Hânfêst foar Minderheidstalen bringt de ferplichting mei om by gemeentlike fúzjes yn de provinsje Fryslân rekken te hâlden mei de posysje fan it Frysk, jout steatssekretaris Bijleveld oan. Fan belang is dat gemeenten earst neigeane op hokker wize oft se op dit stuit al gebrûk meitsje fan de Fryske taal en dat se fêststelle hokker kant oft se út wolle. Dêrom dat se no mei de tarieding begjinne, ek al bûge Twadde en Earste Keamer har noch oer it wetsfoarstel foar de fúzje. Foar de simmer sille de gemeenten rapportearje oan steatssekretaris Bijleveld oer it besteande belied en oer de plannen ta it brûken fan it Frysk.
Los fan de wet- en regeljouwing hechtsje de gemeenten sels ek belang oan heldere ôfspraken oer it taalgebrûk. Ienheid yn belied komt de taal te’n goede, ferwachtet boargemaster Jacob Reitsma fan Wymbritseradiel. De nije gemeente wol neffens him graach in foarbyld wêze oangeande foarútstribjend Frysk taalbelied.
Neffens kommissaris fan ’e Keningin John Jorritsma kin taal yn in regio in ferbinende faktor wêze. “Mear ienriedigens yn taalbelied, dêr wurdt net ien minder fan. Dêr wurdt de taal krekt sterker fan.’’
It is de bedoeling dat de fúzje fan de gemeenten op 1 jannewaris takom jier yngiet. Mochten de Steaten-Generaal it wetsfoarstel foar de fúzje ôfwize, dan noch sille de gemeenten it taalbelied op elkoar ôfstimme. De ôfspraak is ûndertekene troch steatssekretaris Bijleveld, kommissaris Jorritsma, de boargemasters Reitsma, Willemien Vroegindeweij (Boalsert), Hans Boekhoven (Nijefurd), Hayo Apotheker (Snits) en Theunis Piersma (Wûnseradiel).