'Troch mei talen' nijsgjirrich foar Kazakhstaanske delegaasje
Moandei wie in delegaasje út Kazakhstan, tegearre mei leden it buro fan de Hege Kommisaris foar nasjonale minderheden fan it Buro fan de OSCE op besite yn Fryslân. Hja wienen op ‘e Fryske Akademy, it Skewiel yn Oentsjerk, yn Hegebeintum en op it gemeentehûs yn Damwâld. Dêr waarden se ûntfongen troch boargemaster Arie Aalberts en de beide wethâlders Albert van der Ploeg en Siepie Hylkema.
De besikers wienen tige ynteressearre yn it taalbelied fan de gemeente Dantumadiel en it ûnderwiisprojekt Troch mei talen.
