Oer Gemeenten & Frysk | Contact | Sitemap    
 
Dongeradiel stipet it Frysk yn't ûnderwiis mei:
Frysk boekenpakket foar skoallen!

Om de Fryske taal te stimulearjen jout de gemeente Dongeradeel tegearre mei de Afûk oan alle skoallen yn Dongeradeel ‘Fryske boeken’. Freedtemoarne 19 febrewaris om 08.30 oere hat wethâlder Tytsy Willemsma fan de gemeente Dongeradeel de earste Fryske boeken op basisskoalle De Tsjelke yn Holwerd útrikt. It boekepakket bestiet út allerhande boeken dy't geskikt binne foar alle groepen. Foar groep 4 en 5 wienen der bygelyks boekjes oer Studio F (schoalletillevyzje). As de learlingen dizze boekjes út hawwe dan kinne hja meidwaan oan de ‘Fryske berneboekesjuery 2010’.