Oer Gemeenten & Frysk | Contact | Sitemap    
 
Op fjouwer űnderdielen de heechste skoare:
Menameradiel winner Webstekaward!

Direkteur Koen Eekma fan de Afűk hat fan ‘e middei op de konferinsje ‘Gemeenten en Frysk’ yn de Broeretsjerke (Boalsert) de priis foar de bęste Fryske webside útrikt oan wethâlder Anna Martha Van der Mei fan de gemeente Menameradiel. Dy gemeente hat op in fjouwertal aspekten de heechste einskoare en is dęrmei troch in saakkundige sjuery as bęste beoardield. 

De sjuery fan de ‘webstekaward’ waard dit jier foarme troch fertsjintwurdigers fan de Afűk (Sito Wyngaarden), it ICT-bedriuw Knooppunt út Hearrenfean (Wilco Kuipers) en de provinsje Fryslân (Jacob Kooistra). De webstekaward is ynsteld troch de provinsje Fryslân om it brűken fan it Frysk troch gemeenten op it ynternet te befoarderjen. Neist de mjitte fan it Frysk brűken waarden ek kwaliteitsaspekten troch de sjuery meirekkene. De sjuery hat de websites fan de 27 fęstewâlsgemeenten hifke oan de folgjende kritearia:
1. Algemien, opbou webside;
2. Taalspesifyk;
3. Technyk;
4. (beantwurdzjen fan) e-post.

It totaal fan boppesteande kriteria resultearret yn in skoare fan de sjuery. It gemiddelde fan de sjueryskoare en de skoare fan Overheid heeft Antwoord © waard úteinlik de einskoare.

Uteinlik is de gemeente Menameradiel  de winner wurden fan de bęste webstek fan de 27  gemeenten oan ‘e fęstewâl as sjoen wurdt nei Frysk én kwaliteit.  Sjoch hjir foar in folslein oersjoch fan de útslach.