Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Fryske skriuwwize Boalsert as earbetoan

De gemeente Boalsert hat beslķten om de Fryske skriuwwize fan de stÍd oan te h‚lden. Dit nei oanlieding fan in Żndersyk om fragen oer de offisjele Fryske namme te bešnderjen. Om dķdlikheid te krijen hie it Kolleezje de Fryske Akademy rieplachte oer de Fryske stavering fan de namme Bolsward. Ut ferskate dokuminten die bliken dat de al hantearre skriuwwize Boalsert in earbetoan is oan Dr. Joost Halbertsma en Gysbert Japiks. It Kolleezje hat dÍrom besletten de Fryske stavering oan te h‚lden.

Der binne twa Fryske skriuwwizen te Żnderskieden: Bolswert en Boalsert. Bolswert is in natuerlike en tagonklike skriuwwize. De letter w in de stavering fan Bolswert wurdt net ķtsprutsen, mar hystoarysk sjoen wurdt de w stavere yn stÍdsnammen. Dizze letter wurdt sŻnt de njoggentjinde ieuw net mear ķtsprutsen.

De stavering fan Boalsert is fansels in oar ferhaal. Dizze skriuwwize wurdt al rom in heale ieuw brŻkt en hat djippe woartels yn de Fryske taal en kultuer. Gysbert Japiks is de ferneamste renaissanceskriuwer en hystoarysk sjoen in wichtige persoan foar de Fryske taal. De taal en stavering fan Japiksí wurk foarme de basis fan de hjoeddeiske Fryske skriuwtaal, dyít him yn de 19e en 20e ieuw Żntwikkele hat. Ek Dr. Joost Halbertsma is foar de Fryske literatuer in wichtich persoan west.

 



 
 
 
@GemeenteEnFrysk op Twitter: