Nederlands
| Contact | Sitemap
 
De gemeenteried stelt taalbelied fęst:
Mear Frysk yn Gaasterlân-Sleat

De gemeenteried fan Gaasterlân-Sleat hat 29 novimber 2011 in beslút nommen oer it wurklistpunt Frysk taalbelied. De FNP-fraksje hie dęr op oanstien. Yn it foarste plak giet de ried akkoart mei de ‘Feroardering foar gemeenten Frysk yn it skriftlik ferkear’. Tenei kinne alle gemeentlike stikken yn sawol Hollânsk as Frysk skreaun wurde. It taalbelied wurdt folgjend, d.w.s. dat ynkommen brieven beändere wurde yn de taal fan de ynkommen brief. De gemeente Gaasterlân-Sleat is de achttjinde gemeente yn Fryslân mei dy feroardering. De Afűk hat in Fryske skriuwkursus yntrodusearre foar redaksjes fan doarpskranten, ferieningsbledsjes en hiemsiden. Mei grutte mearderheid hat de ried dęr jild foar beskikber steld, sadat de dielnimmers fergees meidwaan kinne. Gaasterlân-Sleat is de tredde gemeente yn Fryslân dy’t soks foar ferienings mooglik makket.

Boarne: http://www.itnijs.nl/

Lęs hjir it nije taalbelied fan Gaasterlân-Sleat.

 



 
 
 
@GemeenteEnFrysk op Twitter: