Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Mercator Kennissintrum slút MELT‐projekt ôf mei konferinsje yn Brussel

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen fan de Fryske Akademy, as MELT‐projektlieder
yn Fryslân, en de partners út Bretanje, Wales en Sweedsktalich Finlân, sjogge werom op in produktive twa jier. Konkrete produkten dy’t ta stân kamen binne in foarljochtingsboekje oer meartalichheid foar âlders en in gids mei praktyske foarbylden dy’t ek teoretysk ûnderboud wurde foar de liedsters. Beide binne beskikber yn acht talen.

Mercator hat fierder in ûndersyksrapport gearstald; dêryn wurdt de aktuele literatuer oer it learen fan mear talen op jonge leeftiid by elkoar set en wurde modellen fan meartalich opbringen besprutsen. Yn it rapport binne ek bydragen opnommen fan trije ynternasjonale eksperts op dat mêd. De publikaasjes steane op de MELT website (www.meltproject.eu) en kinne jo hjirûnder fine.

It MELT‐projekt is in inisjatyf fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD) en wurdt stipe troch de Europeeske Kommisje.

Meartaligens yn it deistich libben - ynformaasjefolder foar âlders
Meartaligens yn it deistich libben - hânboek foar meiwurkers fan bernesintra



 
 
 
@GemeenteEnFrysk op Twitter: