Taalatlas provinsje Fryslân 2008 Taalatlas '08
De Fryske taalatlas jout in fisueel oersjoch fan it behearskingsnivo en it brûken fan de Fryske taal ûnder de ynwenners fan Fryslân. De measte ynformaasje komt fan de grutskalige fluchhifking Fryske taal, dy’t wy ôfrûne jannewaris útfierd ha. De Fryske taalatlas jout yn in momintopname wer hoe’t it behearskingsnivo Frysk (ferstean, prate, lêze en skriuwe) ûnder de ynwenners yn ûnderskate gemeenten steld is. It kaartemateriaal wurdt foar de hiele provinsje en foar alle gemeenten jûn, útsein foar de Waadeilannen yn guon gefallen. Dêrneist wurdt ek omtinken jûn oan û.o. ûntwikkelingen op it mêd fan taaloerdracht, taalbelied fan de gemeenten en de kar ûnder de ynwenners foar Frysktalige houlikstaspraken.
De taalatlas is benammen foar gemeenten ornearre. Mei dit kaartemateriaal kinne sy trochtocht en passend taalbelied ûntwikkelje. Dit boekje is unyk yn har soart en is yn 2007 foar it earst útjûn. Der wurdt nei stribbe om de taalatlas om ‘e fjouwer jier te fernijen en kaartemateriaal mooglik út te wreidzjen. De ferantwurding fan de sifers behearsking Fryske taal is foar it grutste part yn de rapportaazje taalfluchhifking Frysk fan 24 april 2007 ferwurke.
Klik hjir foar de Fryske fersje (2008) fan de taalatlas en hjir foar de Nederlânske fersje (2007) fan de taalatlas.
|