Taaltaske
It projekt ‘taaltaske lytse protter’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en hat ta doel jonge âlden te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje en it stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder.
Yn it taaltaske sit ynformaasje oer meartalich opfieden en oare aardige saken, lykas in knuffel, in slabke, sokjes, in Tomke-boekje, in cd, it boekje ‘Ik en ik’ en ynformaasje oer http://www.heitenmem.nl/.
26 gemeenten hawwe harren oanmeld as dielnimmer oan it projekt. Fan 21 jannewaris ôf is it taaltaske foar dy gemeenten beskikber en wurdt it by de oanjefte fan in berte meijûn.
De Afûk fersoarget de ynhâld, opslach en distribúsje fan de taaltaskes. Foar fragen en mear ynformaasje dat oangeande kinne jo dus by de Afûk terjochte: s.jager@afuk.nl.
By de provinsje kinne jo foar mear ynformaasje en fragen terjochte op www.fryslan.nl/taaltaske.
Sjoch hjir foar de meast stelde fragen oer it taaltaske. Kijk hier voor de meest gestelde vragen over het taaltasje.
|