Netwurk Trijetalige Skoalle (3TS)
Yn it skoaljier 1997/1998 is it projekt ‘De Trijetalige Skoalle’ fan start gien. De resultaten fan it Nederlânsk op de trijetalige skoallen binne foarútgien en sitte no op it nivo fan it lanlik gemiddelde. De resultaten fan it Frysk binne dúdlik better op ‘e trijetalige skoallen. Ek it Ingelsk hat foardiel hân fan dy oanpak, mar faaks is dêr noch wol mear út te heljen (ûndersyk troch Fryske Akademy, Bernadet de Jager, 2006).
Dêrom woenen de projektskoallen graach fierder yn it Netwurk Trijetalige Skoallen. Yn it kursusjier 2006-2007 is it Netwurk Trijetalige Skoallen fan start gien. It is in gearwurkingsferbân fan skoallen dy't har ynsette wolle foar en profilearje wolle mei meartalich ûnderwiis.
Fanwegen syn ferantwurdlikens foar goed ûnderwiis en de spesjale ferantwurdlikens foar de Fryske taal ynvestearret de provinsje Fryslân de kommende jierren fiks yn it Netwurk Trijetalige Skoallen mei ekstra fasiliteiten op it mêd fan begelieding, byskoalling, ûndersyk en profilearring. Ek gemeenten kinne hjirby in wichtige rol spylje mei it kreëarjen fan in goed meartalich klimaat. Sa stiet meartaligens prominint op de wurklist fan it LEA-oerlis yn Dantumadiel en stimulearret Ljouwert aktyf de trijetalige skoalle yn har gemeente.
Sjoch foar mear ynformaasje op: http://www.taalsintrumfrysk.nl/ of nim kontakt op mei CEDIN, tel. 088-0 200 300, info@taalsintrum.nl.
|