Fertel en FoarlęsFestival
Foarlęze. Is dat net in moai tiidferdriuw? De lytse bern op ’e skurte of deun tsjin jo oan. Se hawwe sliepperich de tomme yn ’e műle. Mei sân pear earen harkje se nei it moaie of spannende ferhaal út it printeboek. Boartsjendewei leare se iderkear mear wurdsjes. Műskestil is it ek yn it klasselokaal, as master of juffer in ‘vet cool’ ferhaal oan it foarlęzen is. En hoe faak wurdt thús net in nijsgjirrich stik foarlęzen út de krante of út in boek? Yn it aldereintehűs wurdt ek omraak foarlęzen en ferteld. Pakes en beppes hawwe ommers in soad te fertellen om’t se yn har libben in soad meimakke hawwe. Freegje harren mar ris om it ferhaal fan har jonge jierren. It gong der yn dy tiid hiel oars om ta as no. En de âlderein harket fansels ek graach nei ferhalen fan jong en âld.
Fertelle & Foarlęze. It bart fan 1 o/m 15 juny 2007 op ferskate plakken yn Fryslân. Yn bibleteken, pjutteboartersplakken en skoallen, musea en besikerssintra, âldereintehuzen en thús. Hâld de posters en berjochtjouwing yn ’e gaten!
Jo dogge dochs ek mei? Sjoch op http://www.fffestival.nl/
|