Oer Gemeenten & Frysk | Contact | Sitemap    
 
Tomke

Tomke en syn hûntsje Romke binne werkenbere figuerkes foar jonge bern. Mar tagelyk is Tomke de oerkoepeljende namme foar mear. It Tomke-projekt  (sûnt 1996) wol mear oandacht foar de Fryske taal fan jonge bern en makket dêrfoar materialen en biedt in rige fan aktiviteiten oan.

Dat soarget der ek foar dat der neitocht wurdt oer it taalbelied op boartersplakken. Foar elk bern yn Fryslân is der jierliks in Tomkeboekje, de aventoerkes komme by Omrop Fryslân op ’e televyzje en troch betûfte foarlêzers wurdt Frysk foarlêzen  yn sa’n 500 groepen op boartersplakken. Fierders is Tomke bekend fan de Tomkefoarstellings, de Tomkemeubeltsjes en klompkes. Ek soarget it Tomke-projekt foar byskoalling oan liedsters troch in jierliks sympoasium mei wurkwinkels. Mear ynformaasje oer it Tomke-projekt op http://www.tomke.nl/.

Gemeenten en provinsje hawwe de opdracht om mei te wurkjen oan de totale ûntwikkeling fan it bern en it foarkommen fan efterstannen. Om it projekt provinsjebreed troch te setten wurdt oan de provinsje in basissubsydzje en oan gemeenten in bydrage frege.
Foar mear ynformaasje: Alian Akkermans, a.akkermans@afuk.nl