Oer Gemeenten & Frysk | Contact | Sitemap    
 
Sânglęsrige

Sânglęs is in totaalprogramma dat brűkt wurde kin op boartersplakken om struktureel oandacht te jaan oan de Fryske taal. It kin fergelike wurde mei de Nederlânsktalige totaalprogramma’s sa as Piramide, Kaleidoscoop en Bas. Mar Sânglęs leit tichter by de praktyk fan de boartersplakken en jout tagelyk ferdjipping foar de liedsters.

Yn 10 tema’s wurdt de bern safolle mooglik ferskaat oanbean dat in brede űntwikkeling stimulearret. Oandacht is der by alle tema’s foar de taalűntwikkeling en  de kreative, sosjale, en emosjonele kanten, it boartsjen en de motoryk.  By alle tema’s binne ek ferdjippingsmaterialen űntwikkele sa as puzels, memory, praatplaten en boekjes. Op in cd stean ferskes, ferhaaltsjes en opsisferskes dy’t brűkt wurde kinne  by de tema’s. By it hiele pakket heart in DVD, dęr’t as foarbyld it tema ‘Maitiid’ op útwurke is.

It pakket kin troch in gemeente foar alle boartersplakken  oankocht wurde. Troch rynske subsydzje fan de provinsje kin it totale pakket fan 10 tema’s mei alle materiaal oanbean wurde foar € 120,00.
Foar mear ynformaasje: Alian Akkermans, a.akkermans@afuk.nl