Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Fuortset ûnderwiis

Ek skoallen yn it fuortset ûnderwiis kinne beslute oft se it Frysk as fak jouwe of as fiertaal brûke. Troch guon gemeenten wurdt it stimulearre om it Frysk as fiertaal te brûken. Tytsjerksteradiel en Súdwest-Fryslân stimulearje sels 'De Trijetalige Skoalle' foar it fuortset ûnderwiis.

Gemeenten kinne ek yn it fuortset ûnderwiis de kar meitsje om lesmateriaal te stimulearjen. Yn de praktyk giet it dan meastentiids om de metoade Freemwurk. Dêrneist kinne gemeenten de kar foar Frysk as eksamenfak en in eksamenklasse Frysk stimulearje. Fjouwer gemeenten dogge dat ek, dat binne de gemeenten Dongeradiel, Gaasterlân-Sleat, Opsterlân en Tytsjerksteradiel.

Sjoch foar mear ynformaasje op: http://www.taalsintrumfrysk.nl/ of nim kontakt op mei CEDIN, tel. 088-0 200 300, info@taalsintrum.nl.