Basisûnderwiis
Provinsje en Ryk stimulearje de Fryske basisskoallen om op it mêd fan Frysk, Nederlânsk en eventueel Ingelsk, ta in yntegraal taalbelied te kommen. Yn dat perspektyf binne nije kearndoelen foar dy taal formulearre. Yn it taalbelied jouwe de skoallen oan wat de taalsitewaasje fan de learlingen is en hoefier’t se mei de learlingen komme wolle as it om it berikken fan de nije kearndoelen giet.
Fierder is der omtinken foar hoe’t de skoalle njonken it Frysk as fak, ek omtinken jout oan it Frysk as fiertaal en ynstruksjetaal en wat dien wurdt op it mêd fan de profesjonaliteit fan de leararen. By it formulearjen en ynpassen fan dat yntegraal taalbelied spilet de taalkoördinator in wichtige rol. De Provinsje Fryslân subsidiearret de oplieding ta taalkoördinator.
Gemeenten kinne de basisskoallen oantrúnje om in taalbeliedsplan op te stellen en dêryn omtinken te jaan oan it Frysk, sadat dúdlik wurdt hokker plak it Frysk yn skoalle hat en krije sil en hoe’t sy de kearndoelen Frysk útfiere wolle.
Fierder kinne sy de skoallen wize op de mooglikheden fan by-opliedingen fan it personiel. De gemeente soe dat bekostigje kinne. De behearsking fan it Frysk soe by de funksje-easken fan it personiel meinommen wurde moatte.
Sjoch foar mear ynformaasje nei bygelyks de taalnota fan de gemeente Tytsjerksteradiel of Dongeradiel.
Dernjonken kin de gemeente ek sels materiaal ûntwikkelje litte, krekt
De gemeente Frjentsjerteradiel stelt om ’e trije jier budzjet beskikber foar projekten foar it basisûnderwiis dêr’t it Frysk in rol yn spilet. Sa is der yn 2004 in sjongspektakel foar it basisûnderwiis organisearre en dêrfan is yn 2005 in cd útkaam mei boek, útjûn troch Cedin. De cd is te krijen yn de Fryske boek- en taal winkel fan de Afûk op de Bûterhoeke 3.
Belústerje alfêst twa nûmers fan de cd. Tolve keamers en Simmermoarn.
|