Foarskoalsk ûnderwiis
Mei it tarieden op in twatalige maatskippij wurdt yn in soad gefallen al foar de basisskoalle in begjin makke. Op in soad pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen wurdt Nederlânsk en Frysk praat en wurdt wurke mei Nederlânsktalich en Frysktalich materiaal. Gemeenten kinne bepaalde projekten, lykas Tomke, subsidiearje meidat de pjutteboartersplakken it materiaal dat by it projekt heart goedkeap oantuge kinne.
By it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) kinne jo mear ynformaasje krije oer taalbelied yn it pjuttewurk en de berne-opfang. It sintrum hat as doel om alle bern yn Fryslân de kâns te bieden om goed twatalich te wurden. Se dogge dat ûnder oaren troch gemeenten, wolwêzensorganisaasjes, pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen te ynformearjen oer de foardielen fan (it oanbieden fan) Frysktalige berne-opfang. It stribjen is om yn 2007 op syn minst 50 pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen te hawwen dy’t wurkje mei ien of mear Frysktalige en/of twatalige groepen.
SFBO Postbus 298 8901 BB Ljouwert tel.: 058-2348525 e-post: ynfo@sfbo.nl
Sjoch hjirnjonken foar in oersjoch fan mooglikheden en suggestjes om te kommen ta taalbelied foar de foarskoalske perioade.
|