Edufrysk (ynternet)
Frysk leare fia de Afûk kin troch in kursus te folgjen of troch online oan ‘e slach te gean op http://www.edufrysk.nl/. Fansels is in kombinaasje fan in mûnlinge kursus mei online learen ek hiel goed mooglik.
Fia de website http://www.edufrysk.nl/ komme jo mei in ynlochkoade telâne yn in ynternetomjouwing dêr’t jo Frysk leare kinne. Net-Frysktaligen kinne it Frysk as frjemde taal leare en Frysktaligen kinne oan ‘e slach mei it skriuwen.
De omjouwing is sa ynrjochte dat beide groepen foar in part fan itselde materiaal gebrûk meitsje kinne: teksten kinne brûkt wurde om it Frysk passyf te learen, mar ek likegoed om it lêzen better yn ‘e macht te krijen. Boppedat stribbet de redaksje dernei om hieltyd nije teksten oer in grut ferskaat fan ûnderwerpen ta te foegjen, sadat elk út de eigen ynteresse wei in tekst selektearje kin.
It dikteeprogramma om it skriuwen te learen is ek foar net-Frysktaligen gaadlik omdat dy oefenje kinne yn hoefier oft sy in tekst goed fersteane. Boppedat sit der in twatalich gasteboek yn dat in moetingsplak foarmet foar alle kursisten.
De website makket sa optimaal mooglik gebrûk fan de hjoeddeiske multymedia. Sa kinne jo net allinne tagelyk nei in tekst harkje en dy meilêze, mar troch mei de mûs oer de tekst te gliidzjen, komt ek alle kearen de Nederlânske oersetting foar it ljocht. Wolle jo sa’n wurd mei de oersetting nochris besjen, dan kin dat hiel simpel troch op it wurd te klikken en dat sa oan jo eigen wurdlist ta te foegjen.
Datselde stramyn fine jo ek werom by de muzyk en de fideo’s dy’t yn it Frysk ûndertitele binne. Altyd en oeral kinne jo de oersetting oproppe.
De diktees dy’t jo meitsje besteane út teksten lykas mailtsjes, sms’kes, teksten fan amtners, teksten mei lestige wurden en sa mear en der kin ek keazen wurde út fjouwer nivo’s. By it neisjen fan de diktees wurdt net allinne oanjûn wat ferkeard gien is, mar ek wat de regel is dy’t net goed tapast is. Sa kin elts op syn eigen nivo it skriuwen leare of ferbetterje.
De nije ynternetomjouwing is fansels noch jong en der sille de kommende tiid ek noch in soad mooglikheden oan tafoege wurde.
|