Oer Gemeenten & Frysk | Contact | Sitemap    
 
Underwiis

Alle bern hawwe rjocht op ûnderwiis yn ’e memmetaal. Sa stiet it yn ’e Universele Ferklearring fan de Rjochten fan ’e Minske fan ’e Feriene Naasjes. Underwiis yn ’e memmetaal is fan belang foar de ûntjouwing fan it bern. It bern leart makliker en flugger lêzen en skriuwen as it dat earst yn ’e memmetaal docht. Boppedat hat it ûnderwiis yn it Frysk ek in algemien foarmjende wearde.

De trochgeande leartiid fan pjutteboartersplak oant en mei fuortset ûnderwiis en it beropsûnderwiis soe de learling tariede moatte op de twatalige maatskippij.

It gemeentlik belied soe dêr dan ek op rjochte wêze moatte. It plak op ’e arbeidsmerk is sterker as jo Frysk yn jo bagaazje hawwe en goed ûnderwiis yn it Frysk befoarderet ek in natuerlike oerdracht fan it Frysk op de neikommende generaasjes en it fuortbestean fan ’e taal.

De gemeente is benammen beliedsmjittich behelle by de foarskoalske perioade en it folwoeksene-ûnderwiis. Op dy beide mêden kin de gemeente dus direkt ynfloed útoefenje. Dat leit oars by it basis- en fuortset ûnderwiis. Dêr hat de gemeente allinnich in inisjearjende en stimulearjende taak. Nimt net wei dat der dan ek genôch mooglikheden binne.

Under de knoppen: foarskoalsk ûnderwiis, basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis en folwoeksene ûnderwiis fine jo in tal foarbylden en suggestjes.

Sjoch foar mear ynformaasje by de taalnota's fan de ferskate gemeenten en de taalnota fan de Provinsje Fryslân.
Sjoch ek ris hjir foar ynformaasje oer Frysk taalbelied.

Foardielen twataligens

  • Bern dy’t twatalich grutbrocht wurde, begripe al hiel gau dat der net in absolút ferbân bestiet tusken byg. it wurd ‘stikelbaarch’ en it bist sels. Dat kin ek mei in hiel oar wurd (egel) beneamd wurde. It skiede kinnen fan begryp en namme jout de trochslach foar de yntellektuele ûntwikkeling fan it bern. 
  • Mei dêrtroch binne twatalige bern faak taalgefoeliger: it praten fan twa talen makket it foar in bern makliker om der in tredde of mear talen by te learen. 
  • Twatalichheid befoarderet de sosjale ûntwikkeling fan it bern. Sa docht bygelyks bliken dat twatalige bern faak mear begryp opbringe kinne foar oarstaligen. 

Mei oare wurden: twataligens befoarderet de sosjale-, yntellektuele en taalûntwikkeling fan in bern.