Oer Gemeenten & Frysk | Contact | Sitemap    
 
Stúdzjedei

Yn de ôfrûne jierren binne, troch gearwurking fan Berie foar it Frysk, Stipepunt Frysk fan ’e Afûk en de VFG, stúdzjebyienkomsten organisearre oer it Fryske taal- en kultuerbelied fan gemeenten, mei as doel om in oanset te jaan ta mear gemeentlike gearwurking op it mêd fan it Fryske taal- en kultuerbelied.  Ut de diskusje yn ’e stúdzjebyienkomst docht bliken dat yn in protte gemeenten wat dien wurdt op dat mêd. As ynstrumint foar belied en foar beliedsûntwikkeling is in karsysteem (menu-list) foar gemeenten yntrodusearre, basearre op it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden fan ’e Rie fan Europa.

Sjoch hjirnjonken foar it programma foar dit jier en in oersjoch fan materiaal fan de foargeande jierren.