Kursussen
Frysk leare
By de Afûk kinne jo op ferskillende manieren Frysk leare. Earst is dêr de 'tradisjonele mûnlinge kursus Frysk'. Dêrby folgje jo de lessen yn groepsferbân mei in learaar. Twads kinne de measte kursussen skriftlik folge wurde. Jo krije it lesmateriaal tastjoerd, meitsje thús de lessen en stjoere jo wurk op nei de begelieder.
Mar jo kinne ek kursussen Frysk ek digitaal folgje fia de webside http://www.edufrysk.nl/

De Afûk organisearret ek spesjale kursussen foar beropsgroepen. It programma wurdt yn oerlis mei de groep fêststeld. Foar mear ynformaasje of in frijbliuwende offerte nimme jo kontakt op mei de kursusorganisaasje fan de Afûk: c.vandervee@afuk.nl.
|