Foarljochting
Ynformaasje oer it Frysk en it sichtber en hearber meitsjen fan it Frysk, Frysktaligen oansprekke yn harren eigen taal en net-Frysktaligen yn ’e kunde komme litte mei it Frysk. Dat binne saken dy’t hearre by de eksterne kommunikaasje en foarljochting fan gemeenten. Soks kin fansels op in hiel soad manieren, tink oan paadwizers, it yn it Frysk opnimmen fan ’e telefoan, mar ek oan standertformulieren fan ’e gemeente en folders. Ynternet is ek sa’n kommunikaasjemiddel dêr’t twa- of meartaligens hiel goed ynpast. Dêr soe njonken ynformaasje yn it Frysk ek hiel goed ynformaasje oer it Frysk op stean kinne. Itselde jildt ek foar it boargerjierferslach en de gemeentegids.
Mooglikheden genôch dus! Hjir hjirnjonken mear ynformaasje oer foarljochting oer meartaligens.
|