Personiel
Oft it útfieren fan taalbelied slagget hinget fansels bot ôf fan wat it personiel der mei docht. Dêrom is it hiel wichtich dat it personiel op ’e hichte is fan it taalbelied. Der moat wol draachflak wêze. In manier om dat te kreëarjen is om it personiel al yn in hiel ier stadium te belûken by it taalbelied. In tal gemeenten, lykas Frjentsjerteradiel en Opsterlân hawwe foar’t se in taalbeliedsplan opstelden dêroer in enkête hâlden ûnder it personiel. Yn Tytsjerksteradiel steane taalhâlding en taalgedrach bygelyks as fêste punten op ’e aginda by de funksjonearringspetearen.
Der moat fansels ek genôch personiel wêze dat it Frysk passyf en aktyf behearsket en it management en de bestjoerders moat it personiel ek de romte en de gelegenheid jaan om it Frysk brûke te kinnen. It oanbieden fan kursussen is in mooglikheid, mar ek it beskikber stellen fan wurdboeken en in staveringskorreksje op de kompjûter binne wichtich.
As foarbyld fine jo hjir it ynterne taalbelied fan de Provinsje Fryslân. Sjoch foar oare foarbylden ek by taalnota's.
Kursussen Frysk foar amtners
De Afûk biedt in breed kursusoanbod foar net-Frysktalige en Frysktalige amtners. Foar de net-Friezen binne dat kursussen ferstean, lêzen en/of praten. Foar de Frysktaligen Frysk skriuwen op ferskate nivo's. Yn de kursussen wurdt sa folle mooglik oansluten op de beropspraktyk. Tiid en startdatum wurde yn oerlis mei de gemeente fêststeld. In kursus kin dus ek yn wurktiid folge wurde. De kursussen kinne ôfsluten wurde mei in eksamen.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de kursusorganisaasje Afûk. Belje mei Corry v/d Vee op nûmmer 058- 234 30 70 of mail nei ynfo@afuk.nl.
|