Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Praat mar Frysk

By de Afûk wurde al in skoft neitocht oer it opsetten fan in algemiene kampanje om it brûken fan it Frysk te promoatsjen en har neist oerheden ek mear te rjochtsjen op it bedriuwslibben en partikulieren as it giet om bewustwurding fan de taal. Nei û.o. kontakten mei it Welsh Language Board, it lêzen fan harren ‘Private Sector Strategy’ en de wurkbesite dy’t dêr brocht is yn maaie 2007 binne dy plannen hieltyd konkreter wurden. It earste idee wie om in byldmerk te ûntwikkeljen dat brûkt wurde koe troch bedriuwen en organisaasjes om oan te jaan dat der by harren Frysk praat wurde koe. Dat idee is stadichoan útgroeid ta in hiele kampanje. Want mei in byldmerk allinnich binne jo der net: de brûkers moatte witte wat se mei it byldmerk dwaan kinne en wat de eftergrûnen binne foar it brûken dêrfan. De klanten moatte witte wêr’t it byldmerk foar stiet en elkenien moat ferlieden wurde om gehoar te jaan oan it boadskip fan it byldmerk en it idee dat derefter sit.

Neist de Afûk dy’t it inisjatyf nommen hat ta dizze kampanje binne de Fryske gemeenten in wichtige partij binnen de kampanje. Is jo gemeente neffens jo dé nije Praat mar Frysk-gemeente? Nim dan kontakt op mei Mirjam Vellinga: 058-234 3081 en besjoch de mooglikheden.

Foar mear ynformaasje oer de kampanje klik hjir en fansels kinne jo ek terjochte op www.praatmarfrysk.nl