Oer Gemeenten & Frysk | Contact | Sitemap    
 
Yntern

Yn ’e measte Fryske gemeenten sille de fiertalen yn gearkomsten Nederlânsk en Frysk wêze. Dêrby is it wenst en ek wetlik ferplichte dat der notulearre wurdt yn ’e taal dy’t sprutsen wurdt. Dat hâldt yn dat de notulist goed thús wêze moat yn ’e Fryske en Nederlânske taal. Fierder kinne de beslutelisten en aginda’s ek yn it Frysk opsteld wurde. Itselde jildt foar de riedsstikken, bestjoersprogramma’s en riedsprogramma’s. Foarbylden fan aginda’s en oare stikken fine jo yn ’e databank.

Oan de taaloardering en oan taalnota’s wurdt apart omtinken jûn op dizze webstek. Folgje dêrfoar de links.

Grafyk persintaazje ôflizzings Fryske eed/belofte troch gemeenteriedsleden yn de Fryske gemeenten (2006)