Oer Gemeenten & Frysk | Contact | Sitemap    
 
Yntinsjeferklearring

Op woansdei 15 novimber 2006 hawwe op de Jouwer seis gemeenten mei it offisjeel ûndertekenjen fan in yntinsjeferklearring ôfspraken mei de provinsje makke oer it ûnderlinge skriftlike gebrûk fan it Frysk. De gemeenten Tytsjerksteradiel en Ljouwerteradiel hawwe de ferklearring yntusken ek tekene.
Dizze ferklearring hat ta doel it skriftlik Frysk taalgebrûk tusken provinsje en gemeenten te befoarderjen. De ôfspraken waarden fêstlein op in gearkomste mei sa’n 60 gemeentlike bestjoerders en amtlike meiwurkers oer it plak fan it Frysk yn de gemeentlike organisaasje.

De gemeenten Boarnsterhim, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, Menameradiel, Tytsjerksteradiel en Wymbritseradiel en de Provinsje Fryslân hawwe de yntinsje om fan no ôf oan ûnderling yn it Frysk te briefkjen oer bygelyks subsydzje-oanfragen of beswierskriften. Rapporten en nota’s wurde safolle mooglik yn it Frysk publisearre, mar as soks him net talit wurde de nota’s foarsjoen fan in Frysktalige gearfetting. De stedsgemeenten Ljouwert en Snits steane geunstich foar de yntinsjeferklearring oer en sille besjen yn hoefier’t de realisaasje fan de ambysjes dêrfan útfierd wurde kinne. Dat jildt ek foar Wûnseradiel en Opsterlân.

(klik hjir om de tekst fan de yntinsjeferklearring yn WORD-formaat yn te laden)