Taalmenukaart
It idee om it taalbelied fan de gemeenten yn Fryslân tenei wat mear te plennen en te hifkjen mei help fan in menusysteem is ûntliend oan it Hânfest foar Regionale- of Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Dat Hânfest is in hânrikking foar it belied fan de lidsteaten foar de befoardering fan harren minderheidstalen, mei as útgongspunt de needsaak fan beskerming en promoasje fan kultureel en taalkundich ferskaat yn Europa. Sterke punten fan it Hânfest binne de fleksibiliteit en de mooglikheid fan maatwurk. Dy binne ek goed tapasber op de gemeentlike skaal yn Fryslân mei’t der frijwat ferskaat is oan taalsitewaasjes en oan ambysjes yn de ferskillende gemeenten. It is net it doel om in ienheidsbelied te ûntwikkeljen, mar in menusysteem mei fergelikingsbasis foar oerlis tusken gemeenten en mei de eigen befolking. Der sit ek in aspekt fan beliedsûntwikkeling, groei en gearwurking oan. Dy dynamyk soarget ek foar it tinken yn termen fan ymplemintaasje, monitoring en periodike rapportaazje.
By gemeenten is der in grut ferskil tusken eksplisyt en ymplisyt taalbelied, d.w.s. dat guon gemeenten net in soad oan Fryske taal- en kultuerbelied op papier hawwe, wylst der yn ’e praktyk wol fan alles bart. Mei help fan it menusysteem kin soks makliker sichtber en dêrtroch ek hantearber foar belied makke wurde.
Gemeenten kinne by it meitsjen fan har eigen menu besteand belied fêstlizze, mar ek sjen nei wêr’t besteand belied útwreide of ferbettere wurde kin en wêr’t nij belied nedich of winsklik is. De gemeente kin ek inisjativen út it fjild in ympuls jaan om te kommen ta fernijing, kwaliteitsferbettering en gruttere fersprieding. Personiele en finansjele beheinings freegje om ynventiviteit, bygelyks yn de foarm fan in kombinaasje fan taal- en kultuerbelied mei oare beliedsfjilden of fan gearwurkjen mei oare gemeenten dy’t op itselde spoar sitte.
(Ut: Oan de Slach. Gearfetting s. 9-10. Berie foar it Frysk. Ljouwert 2001)
|