Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Taaloardening

De Algemene wet bestuursrecht (Awb) hat yn haadstik 2 in oantal kźsten oer it mūnling en skriftlik brūken fan it Frysk yn de gemeenten yn Fryslān: it ynterne taalferkear fan de gemeenten, it taalferkear fan de gemeenten mei de boargers en fan de boargers mei de oerheid.  It brūken fan it Frysk yn it mūnling ferkear is yn de Awb sels regele. Oer it brūken fan it Frysk yn it skriftlik ferkear is de Awb minder śtsprutsen. Dy bepaalt dat bestjoersorganen dźroer sels regels opstelle kinne. Feitlik komt it der op del dat foar it skriftlik gebrūk fan it Frysk yn ’e deistige praktyk, in oardering needsaaklik is. Oant no ta hawwe 15 gemeenten sa’n oardering: Boarnsterhim, Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Ljouwert, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, Menameradiel, Opsterlān, Skarsterlān, Smellingerlān, Snits, Tytsjerksteradiel, Wūnseradiel en Wymbritseradiel.

Om de taalbepalings yn de Algemiene wet bestjoersrjocht yn te sjen, kinne jo hjir klikke. It model fan de taaloardening kinne jo hjir lźze en de taljochting kinne jo hjir fine.