Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Taalnota

Hieltyd mear gemeenten hawwe in eigen taalnota of taalbeliedsplan. By elke gemeente sjocht sa’n nota der wer oars út. Ommers yn gjin inkele gemeenten is de taalsitewaasje itselde. Yn in plattelânsgemeente lizze de taalferhâldingen wer hiel oars as yn in stedsgemeente lykas Ljouwert of Snits.

It is goed dat it taalbeliedsplan periodyk hifke wurdt. Dêr soe in kommisje foar ynsteld wurde kinne mei dêryn bygelyks de wethâlder/ boargemaster dy’t it taalbelied yn portefúlje hat, de taalbeliedsamtner, immen fan foarljochting, in riedslid en/of in boarger. Foar it gearstallen fan in taalbeliedsplan soe ek sa’n kommisje ynsteld wurde kinne.